Kollum: "iPadsomby"

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tydskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûnderet. Se is te folgjen op Twitter.
"Mei in lyts skokje luts ik de poppe by it byldskerm wei. Ik miende eefkes in opljochtsjend fjouwerkantsje te sjen yn syn eagjes. Ik seach fan in lytse ôfstân nei mysels. Hieltyd draaide myn holle nei it opljochtsjende laptopskerm op de bank. De smartphone lei derneist. Gjin fraai gesicht. Doe't ik it skerm fuortlutsen hie, wie it fjouwerkantsje yn syn eagen er noch hieltyd. It wie it deiljocht troch it rút.
Yn byldskermen fyn ik in digitale wrâld dêr't ik folslein yn ferdwine kin. Ik lês der de krante op, it is myn wurk, myn ensyklopedy, myn resepteboek, myn radio en myn kontakt mei freonen. En soms myn winkel. Om mar ris wat te neamen.
Ik fyn it dreech om de boel oan de kant te lizzen. Berjochtsjes út de smartphone jouwe lytse ferslaavjende shotsjes. En je moatte wol in hiele sterke geast hawwe om dizze shotsjes de baas te bliuwen. Boppedat fielt it noch altyd as wat dat eins net mei, sa as eartiids telefyzje sjen. Saken dy't net meie wolle we o sa graach.
Wy hiene as bern in lytse telefyzje yn de keuken, mei trije netten. Tour of Duty makke sáfolle yndruk. Herbie en Louis de Funés fûnen we ek geweldich. Mar fierder kin ik my as lyts bern net folle skermtiid herinnerje. We wiene foar myn gefoel altyd bûten. Ik kin dêrtroch ferhipt goed beamke klimme en skoskerinne. Ik freegje my ôf as bern dat no ek goed kinne.
Ik wit noch, doe't ik in puber wie, dat myn broer it lytse telefyzje op syn souderkeamer hie en dat ik stikem nei de searje Beverly Hills 90201 seach. Ik hie noch nea soks leuks sjoen. Ik wie kompleet fan de wrâld as ik der nei seach. Mar doe hie ik it beamke klimmen, oer sleaten hippen en it skoskerinnen al wol moai yn de fingers.
Foar ús bern leit dat oars. Sy groeie op mei skermen om harren hinne. En se sitte der hieltyd mear en jonger achter.
Us pjut fûn de telefyzje yn it earste jier neat oan, mar de lêste tiid, as se min is, of siik is, freget se dochs om 'fizy'. Myn freonen sizze dat se de bern geregeld achter de iPad plakke, op ferûntskuldigjende toan. Benammen by it itensieden.
Dizze ferûntskuldiging is net ûnterjochte. Want ûndersyk nei it gefolch fan in protte skermtiid foar lytse bern is net foar de poes. Se rinne achter yn harren motoryk. Lytse bern moatte sa folle mooglik bewege. Rôlje, klimme, krûpe en op de grûn lizze.
Dus leaver healwiizjende bern troch de keet as je oan it itensieden binne, as iPadsombys op de bank. Dan mar gaos. Ik fiel my in âld wiif dat ik it sa sis, mar bern wurde echt in bytsje in somby. De prikkels fan skermen kinne sokke bombardeminten jaan foar de harsens dat essinsjele ferbiningen eefkes stilfalle. As se dêrnei fan de bank komme, en bewege, wurde de ferbininkjes pas wer makke. Ik lies dat yn in stik, op myn skerm, fan kollega Miloe van Beek. Bêst skokkend. En je wurde der ek net echt sosjaal fan.
Fiif minuten per libbensjier wurdt der oanrieden. Dus foar ús pjut tsien minuten maks.
Foar dat momint dat ik itensiede moat en de pjut hingerich is, haw ik wat fûn. Se stiet no njonken my op in krukje en mei griente snije mei in stomp mes of wat omgrieme mei bakjes. Oant no ta wurket it.
Mar foar de mominten dat se min of siik is, en ik en heit moatte wat oars dwaan, moatte we noch eefkes wat fine. Foardat it in lytse swipe-somby wurdt."