Reorganisaasje by Zienn, 57 banen ferdwine

Yn de kantine fan de nachtopfang yn Ljouwert © Omrop Fryslân
By wolwêzensorganisaasje Zienn ferdwine 57 banen. It personiel dêr't it om giet, is tongersdei op 'e hichte brocht. In wurdfierder fan Zienn hat it nijs oer de reorganisaasje befêstige tsjinoer Omrop Fryslân, mar wol fierder noch net reagearje. Zienn moat besunigje om't It Ryk gemeenten minder jild jout foar dit soarte fan foarsjenningen. It giet benammen te koste fan de minsken dy't ambulant wurkje. Dy gean by kliïnten del dy't troch ferslaving of bygelyks psychyske problemen dakleas driigje te reitsjen.
Opfang
Zienn is aktyf yn Fryslân, Grinslân en Drinte en biedt opfang en stipe. It fersoarget ûnder oaren de dakleaze-opfang, begelaat wenjen en sosjale pensjons. Der wurkje goed 400 minsken by Zienn. De fakbûnen binne op de hichte brocht fan de reorganisaasje.