FIDEO: Daan Breeuwsma giet foar it poadium

Daan Breeuwsma wol dit wykein in poadiumplak helje op it Europees kampioenskip shorttrack yn Turijn. Breeuwsma tinkt net dat de kâns grut is dat hy hege eagen goaie sil foar it klassemint, mar hy neamt himsels mear in ôfstânrsider.
Freed begjint it EK mei de kwalifikaasjeronden. Sneon binne de finales fan de 500 en 1500 meter. Snein einiget it toernoai mei de 1000 en 3000 meter (superfinale) en de finale op de ôflossing.