In nije wentrend yn Hurdegaryp: de 'tiny houses'?

Dyn hiele húshâlden op 27 fjouwerkante meter. Foar guon minsken klinkt dat miskien wat benaud, mar foar Gerard Dijkstra is it in dream. Yn Hurdegaryp sil Dijkstra fiif lytse huzen bouwe, saneamde 'tiny houses'. In húske dat hast enerzjyneutraal is en tige sunich omgiet mei wetter. Sa lyts en miljeubewust wenje is in trend, dy't oerwaaid is út de Feriene Steaten. It wurdt de earste strjitte mei 'tiny houses' yn Fryslân.
De earste minsken hawwe har yntusken al melden. Lykas de 21-jierige studint Annie Visser. Wenje yn in brûzende studintestêd lûkt har net. "Ik bin echt in doarpsfamke, in hûs yn in doarp op 'e romte en mei natuer is my ideaal.'' En dat it húske sa lyts is, dat hinderet har neat: "Mei alles grut, grutter, grutst, dêr ferniele wy ús wrâld ek mei, dit is tink ik wol it wenjen fan 'e takomst. En dêr wol ik graach ûnderdiel fan wêze."
''Ik heb niet zo veel nodig''
Inisjatyfnimmer Gerard Dijkstra hie in moaie baan mei in goed salaris yn it westen. Mar dêr fûn er net wat hy socht. Dus kaam er werom nei Hurdegaryp. Om him dêr yn te setten foar de bou fan de 'tiny houses'. En der aanst ek echt wenje. "Ik heb niet zo veel nodig", seit er. "Geluk zit voor mij in de rust, de natuur en tijd door brengen met familie en vrienden."