Wurkstraf fan 120 oeren easke foar hannel yn drugs

Drugs © ANP XTRA
In âld-ynwenster fan Dokkum rint kâns fanwege drugshannel in wurkstraf te krijen fan 120 oeren. Dat easke de offisier fan justysje tongersdei foar de rjochtbank yn Ljouwert. Hy easke fierder in finzenisstraf ûnder betingst en in proeftiid fan trije jier. De frou soe oardel jier lang foaral weed ferkocht ha oan jongeren yn Dokkum. Ek hannele se yn XTC en speed. Justysje wol boppedat dat de frou ûnder tafersjoch fan de reklassearring komt en dat se in drank- en drugsferbod krijt.
De frou wennet yntusken net mear yn Dokkum en krijt help foar har problemen.