Priis foar Snitser asylsikersskoalle Master Amiko

It team fan asylsikersskoalle Master Amiko hat de sechsde 'Odyssee Avontuurlijk Lerenprijs' wûn. Dit is in priis fan skoalkoepel Odyssee yn Snits en bestiet út in trofee, oarkonde en in jildpriis fan 500 euro. De ûnderskieding is foar in inisjatyf dat it learen op in kreative wize stimulearret.
It winnende idee is fan Tinie Sterenborg, direkteur fan Master Amiko. Dit is de skoalle dy't ûnderwiis jout oan de bern fan it asylsikerssintrum yn Snits. De sjuery fûn dat it ûnderwiisteam dit op in feilige en passende wize docht.
De skoalle telt sa'n 75 learlingen. Amiko stiet foar 'freon' yn it Esperanto, in keunsttaal.
Oare nominearren foar de 'Odyssee Avontuurlijk Lerenprijs' wienen Arnold Jager, âld-learling fan de Epemaskoalle foar it meitsjen fan in 3D-printer mei learlingen en Peter Zeldenrust en team XL-groep fan praktykûnderwiis De Diken mei in plan om driigjende útfal foar te kommen.