GemeenteBelangen trunet oan op huzebou op De Harkema

In boufakker oan it wurk © ANP
De bou fan nije hûzen oan de Nijebuorren op De Harkema moat gau begjinne. It kolleezje fan B&W moat dêr tastimming foar jaan oan de wenningboustichting yn Achtkarspelen. Dat stelt GemeenteBelangen yn skriftlike fragen oan it kolleezje. De partij wie earder dizze wike by in iepen hûs yn it nije appartemintekompleks oan de De Dellen yn Surhústerfean. Dêr wie grutte belangstelling foar. Doe die bliken dat de wenningboustichting graach gau bouwe wol op De Harkema, mar dat se wachtsje op tastimming fan de gemeente.
GemeenteBelangen wol no witte wêrom't der gjin oerlis is mei de wenningboustichting en wannear't der tastimming jûn wurdt foar de bou. De partij wol dat fan it hjerst noch begûn wurdt mei de bou fan nije hûzen yn it doarp.