Caravana: kampearders wolle romte en lúkse

Romte en lúkse, dat binne de trends op it mêd fan kampearjen. Glamping wurdt it ek wol neamd, kampearje mei alle lúkse fan thús. Op Caravana, de grutste kampearbeurs fan Nederlân, binne alle nijste modellen caravans en campers te sjen. De beurs begjint tongersdei yn it WTC yn Ljouwert.
Neist de caravans is op de beurs ek ynformaasje oer kampearbestimmingen te finen. Goed 200 campings fertsjintwurdigje mei elkoar sa'n 16 ferskate Europeeske bestimmingen.
Glamping
"Glamping is helemaal hot," seit beursmanager Femke Beekink. "Net als vorig jaar zien we dat mensen steeds meer luxe willen hebben op hun vakantie, met dezelfde apparatuur als thuis, zoals een inbouwoven in de camper. Ook vouwwagen en vouwcaravans zijn bezig met een opmars. Steeds meer jonge gezinnen kiezen voor deze manier van vakantie vieren. Mensen willen een gevoel van veiligheid, met een camper of caravan kunnen ze gaan en staan waar ze willen, als er ergens onrust is in het buitenland vanwege aanslagen. Als je een hotel of appartement hebt geboekt, kun je niet verkassen."
Populêr
Wienen it earder âldere minsken dy't mei in caravan op fakânsje gienen, tsjintwurdich kieze ek hieltyd mear jonge gesinnen foar dizze foarm fan lúkse. "Nederland is een goed caravanland en de caravan is nog onverminderd populair," neffens Femke Beekink. Nij binne de lytsere campers dêr’t gjin grut rydbewiis foar nedich is. "Deze zijn ook geschikter om bijvoorbeeld een citytrip mee te maken of even boodschappen mee te doen."
Trochstart
Ek de 'vouwwagen' makket in comeback. De Paradiso hat in trochstart makke en komt mei saneamde vouwcaravans. "De klant kan de wagen naar eigen wens aanpassen, compleet met zonnepanelen."
De beurs wie gau fol mei stands. "Nog nooit zo vroeg hebben we zoveel exposanten en zoveel meters verkocht. De volledige 45.000 vierkante meter is al sinds november uitverkocht." Ferline jier kamen 48.000 minsken op de beurs ôf. De beursmanager hopet dit jier 50.000 besikers te lûken.
Caravana wurdt hâlden fan 19 jannewaris oant en mei 24 jannewaris.