Kollum: "NPO bepaalt"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.
"De grutste foarm fan sarkasme wie wol dat ik earne lies dat it mar lokkich wie dat Bert Jonker sneontejûn op it parkearterrein by Thialf yn syn earm sketten waard, oars hienen we net iens witten dat it Europeesk kampioenskip reedriden west hie. En dat sjitten wie dan ek noch it iennichste wat spannend wie. Wol in bytsje wier. It EK wie wer oermachtich oranje kleure. Oare lannen oerwage om tenei mar net mear mei te dwaan. Harren reedriders hâlde op, gean skeelerjen, klaverjassen of koarkjebreidzjen. In oar lân sil ek nea wer in Europeesk kampioenskip organisearje. Dat is de kommende fyftich jier op Thialf, as it reedriden sa lang teminsten noch ynternasjonaal bestiet. It kin ek wêze dat de bûtenlânske reedriders hjir hinne ferhúzje, hjir trene en Nederlânsk leare, lykas Erbanova. Miskien kin we sokke asylsikers dan ek mar daliks better in ferbliuwsfergunning jaan, dan sit de hiele belslide teminsten fol oranje spul.
Tsjinoer dat sarkasme stiet it publyk; trije kear tolve en in heal tûzen man: tige tefreden. Ek al wie de sneon wat lang foar harren, it wie wol hartstikkene gesellich. En ach, as je de iene winnen sjogge fan de oare, dan sjoch je dochs nei topsport. Mei se bêst tinke. Mar it Europeesk kampioenskip reedriden is al jierren in folslein ûnbelangryk toernoai. Der is in kwak bûtenlanners dy’t mar foar ien ôfstân oefenje wol. Dy beskôgje dy Europeeske kampioenskippen as in moai traininkje op Thialf.
Ek de Nederlanners seine allegearre dat se no wat minder hurd rieden as it wykein derfoar. Dat wykein fan de Nederlânske ôfstânskampioenskippen wie wichtiger. Dat gie om kwalifikaasje, dit gie om…… ja en dan witte se net wat se sizze moatte. Nuis en Ter Mors waarden twadde, dat wie net wichtich, inkeld dat je nei in minne earste dei dochs werom komme kinne. "Ik heb wat geëxperimenteerd", sei Ter Mors ek noch. Op in ynternasjonaal kampioenskip mar wat útbesykje.
Sy die mei oan de nije Europeeske sprintkampioenskippen. Dat wie der foar it earst by, sadwaande dy lange sneon. It doel fan it ynternasjonale reedridersbûn wie yn 't earstoan alle ûnbelangrike saken der út te donderjen; it resultaat wie dat der wat bykaam. Mar in sprinttoernoai sûnder de Amerikanen, Japanners, Kanadezen en oerdrogearde Russen is fansels net mear as in útfiering fan in toanielstikje fan it kleuterklaske fan De Hommerts yn Carré. En as dan iismaster Beert Boomsma ek noch in kear oan it eksperimentearen is, mei in foar it earst propfolle hal yn in wykein mei sokke hege druk dat der op it parkearterrein al sketten wurdt, dan wit je wat dit foar toernoai wie.
Mar as dan de NPO trochgiet mei it útstjoeren fan elke milimeter dat der in reed op it iis setten wurdt, moat je miskien je sarkasme wer ynslokke. It heart dochs sa, en we fine it dochs moai? En werklik, ik hearde sa no en dan minsken op strjitte freegjen: “en hat Sven it no wol wûn, want ik hearde dat dy Blokhuijsen ek hiel hurd kin”. Ja frou, Sven hat it wûn.
As in ôfstân riden wurdt, dan is der no ynienen fiif minuten neat as der noch trije ritten riden wurde moatte. Net ien yn it stadion hat troch werom as dat is. Beert Boomsma drinkt kofje. Wat is der dan? Nei in pear kear hie ’k it pas yn ’e gaten, doe’t ik nei de telefyzje seach. De ISU, de KNSB, de Koninklike dy goaie de wedstriid fiif minuten stil om Dione de Graaf de gelegenheid te jaan om twa fragen te stellen oan de altyd te positive Erben Wennemars, de oeuvrepriis winnende Rintsje Ritsma, of oan de elkenien kinnende Annet Gerritsen of de dwerse Mark Tuitert. Of oan alle fjouwer tagelyk. Hear jim it goed. Eartiids is de Blauhúster Dakkapel Thialf útsmiten om't se, as Rintsje op it poadium stie, it Frysk folksliet spilen. En no wurdt de wedstriid stillein om de NPO de gelegenheid te jaan om folslein oerstallich geâldehoer út te stjoeren. De Nederlânske telefyzje bepaalt hoe’t it toernoai ferrint. Wierskynlik bepale se ek noch wat Sven Kramer sizze moat. Soms woe ’k noch wol dat Jan Charisius der noch wie, dy't yn de ISU it belied bepaalde en hjirmei ôfweve hie."