Trije Friezinnen op trainingskamp Oranje-Liuwinnen

Der sille trije Friezinnen op trainingskamp mei de Nederlânske fuotbalfroulju. Loes Geurts, Sherida Spitse en Sisca Folkertsma binne dêrfoar oproppen troch ynterim-bûnscoach Sarina Wiegman. Moandei fleane de Oranjefroulju nei Spanje foar in trainingskamp fan oardel wike.
Der steane twa oefenwedstriden op it programma tsjin Roemenië en Ruslân. It trainingskamp makket diel út fan de tarieding op it Europeesk kampioenskip. Dat begjint heal july en wurdt spile yn Nederlân.