Mear liters molke as ferline jier, minder jild

By suvelkoöperaasje FrieslandCampina is moandei de 'standstill-maatregel' yngien. Dy maatregel hâldt yn dat boeren 90% minder jild krije foar eltse liter molke dy't se mear oan it fabryk leverje as ferline jier. Boeren dy't minder molke leverje, kinne in taslach temjitte sjen.
It giet om in útsûnderlike maatregel, want FrieslandCampina is tradisjoneel ferplichte om alle molke ôf te nimmen dy't de leden oanleverje. De maatregel bliuwt fan krêft oant it momint dat it fosfaatreduksjeplan fan de suvelsektor fan krêft wurdt.
Foar guon boeren giet it om in yngripende maatregel, dy't ek gefolgen hat foar de bedriuwsfiering.
Sieta van Keimpema fan de Dutch Dairyman Board
De krityk fan Sieta van Keimepema liicht der net om. "Foar guon boeren betsjut it dat se eins net mear fierder kinne. Dat binne benammen boeren dy't útwreide hawwe. De direksje en bestjoer fan FrieslandCampina seine nei it ôfskaffen fan it molkekwotum (1 april 2015) dat de boeren leverje koene wat se woene. Se soene alles ôfnimme, de takomst soe fantastysk wurde want der soe noait molke genôch wêze. In hiel soad boeren ha FrieslandCampina fertroud. Wy fan de Dutch Dairyman Board ha fuort sein dat dat net kin. Der binne ôfspraken mei Brussel, we kinne net samar folle mear melke. Boppedat giet de molkepriis kapot. In pear moanne nei it ôfskaffen fan it kwotum koe FrieslandCampina de molke al net mear ferwurkje. Se hawwe in fierstente grutte broek oanlutsen: it is mismanagement."
Skeaclaims
Van Keimpema ferwachtet dat der in protte skeaclaims komme. Mar sa'n trajekt duorret faak lang en dat is ferrekte sneu foar al dy boeren dy't yn 'e swierrichheden sitte.
Friesland Campina
As we dit net sa dogge, is de hiele sektor ‘in de aap gelogeerd.’ Dat seit Jan Willem ter Avest fan Friesland Campina. Sûnder de maatregel is it wol wis dat Nederlânske boeren tefolle dong produsearje. Dan komt de ûtsûndering dy’t foar Nederlânske boeren jildt (de saneamde derogaasje) yn gefaar.
Tydlike maatregel
Ter Avest beklammet dat it om in tydlike maatregel giet, en dat boeren sels kieze kinne hokker referinsjeperioade se brûke wolle. It basisynkommen is garandearre, seit er.