Kwart miljoen foar 500-jierrich bestean Eaststellingwerf

De gemeente Eaststellingwerf bestiet yn 2017 fiifhûndert jier en sil dat grut fiere. Der is in kwart miljoen euro beskikber foar aktiviteiten dy't troch it jier hinne hâlden wurde. Hoe't de feesten der krekt útsjogge, is oan de doarpen sels. De ideeën moatte fan ûnderen op komme. Boargemaster Harrie Oosterman sei dat by de nijjiersresepsje fan de gemeente dy't moandei yn it gemeentehûs yn Easterwâlde hâlden waard.
Yn syn taspraak beneamde Oosterman ek de positive ûntwikkelingen op ekonomysk mêd en de soarch oer de spjalt tusken boarger oan de iene kant en polityk en bestjoer oan de oare kant.