Clafis ferbjustere oer sjitynsidint mei direkteur Jonker

De meiwurkers en direksje fan yngenieursburo Clafis binne ferbjustere oer it feit dat harren heechste baas Bert Jonker sneontejûn belutsen wie by in sjitpartij. Dat seit Bram van Hees fan it kantoar op It Hearrenfean. Alle 450 meiwurkers wurde moandei offisjeel op de hichte steld en der giet in koarte ferklearring nei alle opdrachtjouwers.
Jonker is yntusken mei syn gesin ûnderbrocht op in feilich plak. Hy waard yn syn hân sketten op it parkearterrein fan Thialf. De skutter is neffens de plysje bekend, mar noch hieltyd net pakt.
Van Hees seit dat in ynsidint as dat fan sneontejûn hiel fier by in man as Jonker ôfstiet. Hy seit wol dat Jonker in man is mei in útsprutsen miening, dy't it hert op de tonge hat. Jonker begûn tolve jier lyn mei it opsetten fan in yngenieursburo op It Hearrenfean. No binne der sân kantoaren; njonken It Hearrenfean yn Grins, Hengelo, Arnhem, Soest, Alkmaar en Dordrecht.
Opdrachtjouwers binne bygelyks gemeenten, mar ek op grutte ynternasjonale bedriuwen. De lêste jierren naam Jonker mear ôfstân fan Clafis en stuts in soad tiid en enerzjy yn it reedriden. Hy is foarsitter fan de businessklup fan Thialf.
De fertochte fan it sjitynsidint is in sakeman út it westen fan it lân. Hy soe in konflikt mei Jonker hân hawwe, oer in mislearre bedriuwsoername.