Oefening yn help hendikepten

Meiwurkers fan de boat nei It Amelân krije op 6 juny les yn tagonklikheid foar minsken mei in beheining. Sechstjin wurknimmers fan rederij Wagenborg wurde traind yn it omgean mei hendikepten.
It Amelân wol tagonklik wêze foar minsken mei in beheining. Dêrfoar is mei de provinsje in projekt yn it libben roppen mei de namme Ameland voor iedereen. De meiwurkers krije bygelyks de fraach wat se dogge as in ferstanlik hendikepte syn begelieder kwyt is of as se in dôve reizger it brûken fan ynternet útlizze moatte.
In spesjalistysk bedriuw helpt by de oefening.