Mitchell te Vrede ferruilet SC Hearrenfean foar Boluspor

© Twitter
Fuotballer Mitchell te Vrede ferlit per direkt SC Hearrenfean. Hy giet nei de Turkske klup Boluspor. Dat hat dizze klup snein bekend makke fia Twitter. Boluspor komt út op it Turkske twadde nivo. De 25-jierrige Te Vrede waard al in skoftsje yn ferbân brocht mei de klup. By SC Hearrenfean hie er in kontrakt oant healwei 2017, mar der wie gjin plak mear foar him.
Te Vrede kaam yn augustus 2015 nei Hearrenfean. Hy hat dêr 28 offisjele wedstriden spile en skoarde 10 kear. Dit seizoen kaam Te Vrede noch net yn aksje.
Technysk manager Gerry Hamstra fan SC Hearrenfean is bliid oer it akkoart mei Boluspor: ''We zijn blij dat we met elkaar tot een oplossing zijn gekomen en willen Mitchell danken voor zijn inzet bij sc Heerenveen en wensen hem veel succes in Turkije.''