Snitser mei auto op 'e flecht foar de plysje

© ANP
De plysje hat sneontenacht nei in lange efterfolging in 33-jierrige automobilist út Snits oanholden. Syn auto is yn beslach naam. De man naaide út by in ferkearskontrôle op de Suderseewei op De Lemmer. Dêr krige er in stopteken. De Snitser ried troch, wêrnei't de plysje him oan de kant sette. De bestjoerder wegere syn portier iepen te dwaan. De plysje seach dat er wyt poeier fan syn klean besocht te feien, nei alle gedachten drugs. Nei't de plysje drige in autorút yn te slaan, joech de man gas en naaide er út.
By de efterfolging dêrnei ried de Snitser ûnder oare troch de tún fan in wenning yn Wikel. Dêrby ûntstie in soad skea. Ek moast in plysje oan de kant springe om foar te kommen dat er oanriden waard troch de bestjoerder. Uteinlik ried er himsels klem yn Himmelum. Dêr is de man oanholden en meinaam nei it plysjeburo. Dêr wegere hy mei te wurkjen oan in bloedproef. De fertochte syn rydbewiis is ynnaam.