Sylster Marit Bouwmeester efkes werom by âlde leafde
Marit Bouwmeester fan Warten wie sneon ien fan de promininten by it kuorbal league duel tusken LDODK en DVO. De winner fan Olympysk syl-goud yn Rio waard útnoege om oer har topsportpresaasjes te fertellen op De Gordyk. Sadwaande koe se ek wer ris nei de sport sjen dy't se as famke in tal jieren beoefene by Sparta yn Warten. Neffens Bouwmeester is it kuorbaljen sûnt dy tiid bot feroare.
Yn jannewaris en febrewaris is Bouwmeester noch yn Nederlân, dêrnei stapt se wer yn de boat foar in nij Olympysk trajekt rjochting Azië.