Mearderheid foar akkoart

In mearderheid fan de Friezen fynt it in goede saak dat VVD, CDA, D66, GrienLinks en de ChristenUnie in akkoart sletten hawwe. Dochs binne de Friezen der tagelyk fan oertsjûge dat de besunigings de ekonomy fierder ferswakke sille. Dat docht bliken út in enkête dy't hâlden is troch it opinypanel fan Omrop Fryslân en Een Vandaag.
75 persint fan de ûnderfrege Friezen is tsjin it ferheegjen fan it eigen risiko yn de soarch nei 350 euro. Inselde persintaazje is tsjin it beteljen fan 7,50 euro foar in dei yn it sikehûs lizzen.
63 persint fynt it in goede saak dat de AOW-leeftyd earder omheech giet. De nulline foar amtners is in maatregel dêr't hast 70 persint fan de Friezen foar is. It oanpakken fan de fergoeding foar wen-wurk-ferkear falt min by de Friezen. 65 persint fynt dat in min idee. In mearderheid fan de Friezen is ree om twa persint keapkrêft yn te leverjen om sa it begruttingstekoart nei ûnderen te krijen.