Jeugd sportferieningen Bûtenpost spilet wer op keunstgers

© Henk Bootsma
De jeugdspilers fan fuotbalferiening VV Bûtenpost en kuorbalferiening Flamingo's traine en spylje fan no ôf wer op keunstgers. De keunstfjilden op sportpark De Swadde yn Bûtenpost wienen sûnt healwei oktober ticht foar de jeugd. Dat beslút kaam fan beide ferieningen nei in útstjoering fan Zembla oer de gefaren van rubberkerrels dy't brûkt wurde op keunstgersfjilden. Dizze kerrels soene mooglik kankerferwekkend wêze.
Neier ûndersyk fan it RIVM hat oantoand dat de earder neamde gefaren "verwaarloosbaar" binne. Sawol it ministearje as ek de gemeente Achtkarspelen steane achter dizze konklúzje. "En wie zijn wij dan om dat in twijfel te trekken", seit foarsitter Paul Olijve fan VV Bûtenpost.
Op de nijjiersresepsje waard dit boadskip ek oerbrocht. De spilers en harren âlden wurde de kommende dagen ynformearre oer it feit dat der wer spile en traind wurdt op de keunstgersfjilden.