Sven Kramer begjint EK allround mei achtste plak op 500

Sven Kramer © awfoto.nl
Sven Kramer is it EK allround yn Thialf begûn mei in achtste plak op de 500 meter. De achtfâldich Europeesk kampioen ried 36.81. Douwe de Vries waard 16e yn 37.46.
De winst wie foar de Noar Sindre Henriksen yn 36.30. Jan Blokhuijsen waard twadde mei 36.43, de Rus Denis Yuskov tredde yn 36.44.
Letter dizze dei wurdt de 5000 meter riden.