Marrit Leenstra wurdt tredde op de earste 500 meter op EK

Marrit Leenstra © awfoto.nl
Marrit Leenstra hat op de earste 500 meter fan it EK sprint mei 38.55 it brûns pakt. De winst wie foar de Russise Olga Fatkulina yn 38.16. De Tsjechise Karolina Erbanová waard twadde yn 38.23. Jorien ter Mors stelde wat teloar mei it fjirde plak yn 38.75.
Letter op 'e dei ride de sprintfroulju de 1000 meter.
De twadde 500 meter by it EK sprint foar de manlju waard krekt as freed wûn troch Ronald Mulder. De winnende tiid wie 35.08. Kai Verbij waard twadde yn 35.12. Kjeld Nuis stelde teloar mei in sânde plak yn 35.40. Kai Verbij kin fan 'e middei de earste Europeeske sprinttitel pakke mei in goede 1000 meter.