Ireen Wüst wint EK 500 meter, Antoinette de Jong twadde

Ireen Wüst hat de iepeningsôfstân, de 500 meter, op it Europeesk kampioenskip reedriden allround wûn. De fjouwerfâldich Europeesk kampioene ried op it iis fan Thialf 39.26. Antoinette de Jong waard kreas twadde mei 39.56. De Poalse Natalia Czerwonka ried mei 39.85 de tredde tiid. Yvonne Nauta waard yn 40.82 trettjinde.
Martina Sábliková, fiif kear de bêste fan Europa, einige as fiifde yn 40.18. Letter op 'e jûn ride de froulju noch de 3000 meter.
De earste 500 meter fan it EK sprint by de manlju waard wûn troch Ronald Mulder yn 34.87. De Rus Ruslan Murashov waard twadde yn 34.88 en Nico Ihle út Dútslân tredde yn 34.95. Kai Verbij ried 34.98, goed foar it fjirde plak. Kjeld Nuis hie in 'stroffelstart', hy einige as njoggende yn 35.49.