"Soargen oer tbs'ers begryplik, mar feiten binne oars"

Advokaat Bart Canoy fan Ljouwert snapt de soargen dy't der yn de maatskippij binne oer it ferlof fan guon tbs'ers, mar hy sjocht ek dat de nochtere feiten dy soarch net stypje. Ofrûne wike kaam yn it nijs dat de sus fan de Dordrechtse Rowena Rikkers, better bekend as it famke fan Nulde, benaud is dat de dieder achter har oangean sil as er mei ferlof mei. Dizze eangst hat derfoar soarge dat de diskusje oer it ferlof yn Nederlân wer opnij oan de oarder is.
Resosjalisaasje
Canoy sjocht leaver nei de feiten om de ferlofregeling yn Nederlân hinne: "Detentiefasering heeft eigenlijk alles te maken met een heel belangrijk principe: resocialisatie." sa seit Canoy. "We leven in een samenleving en mensen die daar fouten in maken, kunnen gestraft worden. Dat betekent dat je boetedoening moet doen en je vrijheid wordt ontnomen. Maar er komt dus ook een dag dat je straf erop zit en dan is er een keuze. Laat je iemand zomaar de straat opgaan of zeg je, en dat is het beginsel van resocialisatie, dat je van tevoren alweer langzaam vaardigheden moet aanleren om de maatschappij weer in te gaan."
Hoe faak giet it mis?
Neffens Canoy liket it gefaar fan in tbs'er dy't op ferlof is, grutter dan dat it eins is: "De kans is aanmerkelijk groter dat je door een ander dat strafbare feit tegen je krijgt, dan door een tbs'er." Sa seit Van Marle, âld-direkteur fan it Pieter Baan Centrum, hjiroer: "Als er 40.000 verlofbewegingen per jaar zijn, dan betekent dat dat er 100 tbs'ers iedere dag zo op straat lopen. En dan gaat het maar één of twee keer mis op de wijze waar we allemaal bang voor zijn."