Lekkaazje by akwadukt Burgum, rydstroken ticht

Sintrale As © Omrop Fryslân, Douwe Boersma
De provinsje hat maatregels naam by it Hendrik Bulthuisakwadukt yn de Sintrale As by Burgum. Dêr komt wetter omheech. Der wie al ien rydstrook sletten foar it ferkear, mar no is ek oan de oare kant fan de As ien rydstrook ticht. Om problemen foar te kommen sil der ekstra struid wurde, sa lit de provinsje Fryslân witte.
Noch dit wykein wurdt der ûndersyk dien nei de oarsaak fan de lekkaazje by it akwadukt. Begjin dizze wike waard dúdlik dat der wetter omheech kaam.