Oanfaller Tarik Tissoudali komt definityf nei Cambuur

Tarik Tissoudali (yn it wite shirt) © Awfoto.nl
Cambuur hat fleugeloanfaller Tarik Tissoudali definityf binnen. De Ljouwerters hiere him foar de rest fan it seizoen fan it Frânske Le Havre. Tissoudali spile ferline seizoen ek yn de Jupiler League, by Telstar. Dêr makke de 23-jierrige oanfaller in soad yndruk mei 19 doelpunten en 9 assists. Nei Telstar keas er foar in aventoer yn Frankryk, mar mei troch in trainerswiksel hat Tissoudali dêr noch net folle sjen litten kinnen. Cambuur is bliid mei de oanfaller, dy't neffens technysk direkteur Gerald van den Belt maklik ta skoaren komt.