Auto's knalle op elkoar by Hurdegaryp, twa ferwûnen
By in ûngelok op de N355 by Hurdegaryp binne freedtemoarn om tsien oere hinne twa autobestjoerders licht ferwûne rekke. Op de Ryksstrjitwei klapten beide auto's op elkoar by de ferkearsljochten. Hoe't dat gebeure koe is noch ûndúdlik.
Beide bestjoerders binne neisjoen troch ambulânsepersoniel.