Ferwûne by auto-ûngelok yn Harns

© Stefan Postema
By in ûngelok op de Almenumerwei yn Harns is tongersdeitemiddei in frou ferwûne rekke by in botsing. Se soe de oprit fan de N31 opride, mar seach dêrby mooglik in oare auto oer de holle mei in botsing as gefolch. De frou moast mei noch ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht wurde.
De bestjoerder fan de oare auto kaam mei de skrik frij.