Rekôr Fries Museum: 100.000e besiker Alma-Tadema

In rekôr foar it Fries Museum yn Ljouwert. Tiisdei kaam de hûnderttûzenste besiker foar de tentoanstelling Alma-Tadema oer de drompel. Noch nea earder hie it museum safolle besikers yn sa'n koart skoft. Twa froulju út Delfsyl wiene de lokkigen. Se krigen in blomke fan direkteur Kris Kallens. Alma-Tadema wurdt troch besikers ek heech wurdearre. De beoardieling is yn trochsneed 8.6. Ek dat is it heechste wurdearringssifer dat it museum ea krige foar in tentoanstelling. Alma-Tadema's wurk is noch te besjen oant 7 febrewaris dit jier.