Crone foar ferbieden fan kriminele motorklups

Ferd Crone, foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân, is foar it ferbieden fan twifelachtige en kriminele motorklups, mar hy sjocht ek dat dit juridysk yngewikkeld is. Crone reagearret op in suggestje fan Oscar Dros, plysjesjef fan Noard-Nederlân, om de motorklups te ferbieden. Neffens Crone wurde de klups goed yn de gaten hâlden en wurdt der fan alles dien om foar te kommen dat se de wet oertrêde. Yndividuele kriminele aksjes kinne wol oanpakt wurde. Mar in hiele klup ferbiede is wetlik yngewikkeld.