Provinsje betellet foar natoer

De provinsje stekt 29 miljoen euro yn natoerbelied om besunigings fan it Ryk op te fangen. De provinsjemiljoenen wurde stutsen yn de nasjonale parken, greidefûgelbeskerming en de ekologyske haadstruktuer. Dat binne ferbiningssônes tusken natoergebieten.
Likegoed moat in kwart fan de ekologyske ferbiningssônes definityf skrast wurde. It Ryk leit de ferantwurdlikheid foar natoer en lânskip by de provinsje, mar besunigt in soad op it budzjet.
De natoerprojekten yn de beekdalen fan de Linde en it Keningsdjip profiteare fan de provinsjale natoerjild. Der komt ek stipe foar de lânynrjochting Achtkarspelen-Súd.