Man oanhâlden foar mishanneling yn Ljouwert
In 33-jierrige Ljouwerter is snein oanhâlden as fertochte fan in slimme mishanneling op de Doniastate yn Ljouwert. In 46-jierrige Ljouwerter waard dêr middeis sa slim mishannele dat er nei it sikehûs moast. De fertochte waard koart dêrnei oanhâlden en sit noch fêst foar fierder ûndersyk.