Minder minsken doarre nijjiersdûk oan

Troch it kâlde waar hawwe dit jier wat minder minsken oan de nijjiersdûk yn Kollumersweach meidien. Gewoanwei geane sa'n fyftich minsken it wetter fan de Cedelshof-fiver yn, dit jier wienen dat der sa'n tritich. It giet om in inisjatyf fan de mienskiplike tsjerken yn it doarp. Wol wie der in soad publyk om de dûkers oan te moedigjen. Oan de nijjiersdûk is ek in priis ferbûn foar de moaiste ferklaaide dielnimmer. Dy gie dit jier nei Richard Tolsma.
Op tal fan oare plakken wurde op de earste dei fan it nije jier dûken hâlden. Sa as bygelyks yn de Rottevalle. 111 dielnimmers giene dêr nei in koarte warming up it wetter yn...
Yn de Ljouwerter Prinsetún dienen dit jier 60 minsken mei oan de nijjiersdûk. Ferline jier wienen der 140 dielnimmers.