Ald en nij yn Jorwert: kwisse, dûnsje.... mienskip!

It wurd mienskip liket útfûn foar Jorwert. It doarpke yn Littenseradiel stiet bekend om syn mienskipssin. Ek âld en nij wurdt troch in grut part fan de bewenners mei-elkoar fierd. Earst de nijskwis, dan dûnsje, dan efkes nei hûs, om nei tolven werom te kommen foar it fjoerwurk. En dan wer nei de doarpskroech.
It Syryske gesin dat koartlyn yn Jorwert kommen is te wenjen, wie der net by. Sy leine lekker te sliepen yn it hûs, dat de Jorwerters foar har kocht hawwe.