Lêst fan ljochtfersmoarging

© Omrop Fryslân
In protte minsken hawwe nachts lêst fan ljochtfersmoarging. Dat docht bliken út in lanlike enkête fan ûnder oare de Fryske Miljeufederaasje. Sels yn in plattelânsprovinsje as Fryslân, dêr't it nachts noch reedlik tsjuster is, ha minsken lêst fan it ljocht. It giet foaral om reklameferljochting en it skynsel fan strjitlantearnen.
In protte Friezen fine dat minder ljocht net automatysk liedt ta ûnfeilichheid.