Ie fiert 50 jier karbidsjitte mei reüny

Ie fiert sneon dat der al 50 jier op âldjiersdei mei karbidsketten wurdt. Dat fieren wurdt dien mei in reüny foar elkenien dy't as karbidsjitter aktyf west hat. Dêrfoar binne sa'n 300 minsken útnûge. Dy kinne ûnder oare it ôfstekken fan 150 karbidbussen besjen en ek gean se mei-elkoar oan de stamppot.
Minnertsgea
Rûnom yn de provinsje binne de drûge knallen fan it karbidsjitten oeral te hearren. Ek yn Minnertsgea binne se drok oan it knallen. De ploech fan it Hok is no trije jier oan 'e gong op de hjoeddeistige lokaasje bûten it doarp. Dit jier wurdt der in nij superkanon ynset. Yn totaal wurde der sa'n 150 minsken ferwachte.