Twa swierferwûnen troch karbidsjitten

Op twa plakken yn Fryslân binne sneontemoarn minsken slim ferwûne rekke troch ûngelokken by it karbidsjitten. Dat meldt de Veiligheidsregio. Yn Broeksterwâld waard in 12-jierrige jonge rekke troch it lid fan in molkbus. De persoan rekke dêrtroch swierferwûne oan de holle en is nei it UMCG yn Grins brocht.
Ek yn Mûnein rekke ien swierferwûne trochdat der in molkbus útelkoar knalde. Ien fan de omstanners rûn dêrtroch ferwûningen op oan de foet. Ek dizze persoan is nei it sikehûs brocht.
BOCK
De twa gemeenten dêr't de ûngelokken yn plakfûn hawwe, Dantumadiel en Tytsjerksteradiel, hawwe de ôfrûne tiid meidien de kampanje foar de BOCK, de Bewust Oplettende Carbid Knaller. Yn dizze gemeenten is it ferplichte dat in BOCK tafersjoch hâldt by it karbidsjitten. Neffens Marten Klaas Brinksma fan de Veiligheidsregio Fryslân is it noch net dúdlik oft der yn Broeksterwâld en Mûnein BOCK'ers oanwêzich wiene by it karbidsjitten.
Brinksma advisearret alle karbidsjitters ôfstân te hâlden en om de eigen feilichheid te tinken.