Juwelier Kramer yn Boalsert nei 116 jier ticht

Juwelier Kramer yn Boalsert hâldt der nei 116 jier mei op. It ferljochte boerd mei de opfallende blauwe bril derop oan de Marktstrjitte 11 sil fan 1 jannewaris ôf net mear brâne. Eigeneres Rens Kramer fynt it tiid foar wat oars en hâldt nei 51 jier op mei de saak.
Har pake hat it bedriuw 116 jier lyn opsetten en begûn as klokkemakker. De heit fan Rens Kramer nam it letter oer. Kramer wurke fan har 16e ôf yn de winkel.
Eins woe se graach kleuterjuf wurde, mar omdat der gjin oar wie om it bedriuw oer te nimmen hat sy it wurk fan har pake en heit fierder fuortset. Mei pine yn it hert sil se op âldjiersdei de doarren slute. Se is op de Marktstraat 11 berne en opgroeid en sil njonken de juwelier ek in stik fan har libben ôfslute.
Koartlyn hat Rens Kramer advertinsjes yn de krante pleatst om elkenien op de hichte te bringen. Troch dy berjochten en it feit dat der 30% koarting is, komme der in soad klanten del om ôfskied te nimmen. En dêr wurdt Rens Kramer wol emosjoneel fan. 'Ik ha wol trije generaasjes yn myn winkel hân. Hiele libbensferhalen heard en in soad praat mei de minsken. Myn winkel wie eins mear as allinnich in winkel. En as klanten dan blommen bringe en fertelle hoe spitich se it fine dat ik dermei ophâld, dan wurd ik dêr wol emosjoneel fan'.
It is tiid foar wat oars. Rens Kramer wol graach genietsje fan har frije tiid en sjocht wol wat der op har paad komt.