Jorien ter Mors wint goud op 1000 meter, Leenstra twadde

Jorien ter Mors hat krekt as ferline jier de 1000 meter wûn op it NK ôfstannen. Yn in rjochtstreeks gefjocht mei Marrit Leenstra wie Ter Mors ien tsiende rapper: 1.15.15 om 1.15.25. Ireen Wüst waard tredde yn 1.15.98. It wie itselde poadium as by it lêste NK op de 1000 meter.
Suzanne Schulting ferraste mei in fjirde plak en in pr fan 1.16.17. Anice Das fergoaide har kânsen op it EK sprint troch in mislearre baanwiksel.
Ter Mors, Leenstra en Wüst meie nei it WK ôfstannen. Ter Mors, Leenstra en Schulting hawwe harren pleatst foar it EK sprint.
Schulting sil dêrom kieze moatte: it EK sprint of it NK shorttrack. Beide binne yn it earste wykein fan jannewaris. Schulting nimt dêr jûn of oars op âldjiersdei in beslút oer.
Kai Verbij wûn yn 1.08.22 de 1000 meter by de manlju. Kjeld Nuis waard twadde yn 1.08.54 en Ronald Mulder tredde yn 1.09.40. Dizze trije ha no in startplak foar it WK ôfstannen yn Súd-Koreä. Sjoerd de Vries waard sânde yn 1.09.83.