Maksimumsnelheid A7 by De Tynje en Drachten nei 130

© ANP
Automobilisten kinne fan dizze wike ôf 130 kilometer yn 'e oere ride op de A7 tusken De Tynje en knooppunt Drachten. Dat skriuwt De Telegraaf. Njonken de A7 hat Minister Schultz fan Ynfrastruktuer en Miljeu op fjouwer oare trajekten yn Nederlân de snelheid ferhege nei 130 kilometer yn 'e oere.
Earder hie de Miljeudefinsje krityk op de plannen om de snelheid op de A7 te ferheegjen. Sa soe de lucht smoarger wurde en boppedat soe it skealike gefolgen hawwe foar de omwenners.