Ljouwerter krijt 400 euro boete foar útskellen plysjes

Oanhâlding © ANP
In 20-jierrige Ljouwerter hat tongersdei in boete fan 400 euro krigen foar it útskellen fan plysjes. Yn de Alde Doelesteech yn Ljouwert woe er moarns om healwei fiven in kroech yn, mar dy wie al sletten. Dêrom sloech er mei syn fûsten op de ruten. Doe't de plysjes dêr wat fan sizze woene, begûn de man harren út te skellen en te misledigjen.
By syn oanhâlding fersette de Ljouwerter him bot. Letter op it plysjeburo koe de man net ferklearje wêrom't er him sa misdroegen hie.