FIDEO: In bril, wetter en gjin panyk by fjoerwurkletsel

Fjouwer op de tsien Nederlanners witte net hoe't se earste help ferliene moatte by ûngelokken mei fjoerwurk. Dat hat it Reade Krús ûndersocht. Ferline jier wiene der hast 500 minsken mei fjoerwurkletsel. Benammen de hannen en de fingers moasten it ûntjilde.
EHBO'er Bob Velthuis fan Snits hat wol in idee hoe't dat kin: "Ik tink dat it komt omdat minsken it leuk fine om mei fjoerwurk om te gean en net tinke oan wat der misgean kin."
EHBO-tips
Velthuis jout as belangrykste tip by it ôfstekken fan fjoerwurk: "Set in bril op. Hiel simpel te keapjen yn in fjoerwurkwinkel. En tink derom, je eagen binne it belangrykste datst hast."
Giet it dochs mis dan advisearret Velthuis: "Reitsje net yn panyk, begjin net te roppen en te razen en sjoch even wat der oan de hân is. By brân altyd earst kuolje, kuolje, kuolje. Earst wetter, de rest komt letter."