Frjentsjerteradiel op fingers tikke yn skeel om boustekken

Gemeentehûs Frjentsjerteradiel
De gemeente Frjentsjeradiel hat net terjochte in twangsom fan 5000 euro easke fan de eigener fan in stik grûn yn Tsjummearum. Dat hat de Ried fan Steat bepaald. De gemeente woe it jild fan de eigener ha, omdat dy in tal boustekken net fuort helle hawwe soe, wylst de gemeente dat wol opdroegen hie.
De stekken stienen earst oan de strjitkant fan it perseel, mar waarden troch de eigener nei de sydkant ferpleatst. Neffens de gemeente wie dat net genôch, mar de Ried fan Steat giet dêr net yn mei.
Dy fynt dat Frjentsjerteradiel net dúdlik genôch oanjûn hat dat de boustekken fan it hiele stik grûn ôf moasten en net allinne by de strjitkant wei.