Kollum: "Sels"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.
"De wrâld binne wy sels. Sels meitsje wy in selske op de telefoan. De wrâld past him dêr muoiteleas by oan. In oar is net wichtich, inkeld josels.
Dizze fjouwer sintsjes skreau ik op. Siet der lang nei te sjen. Ik wie earst net fan doel om in soarte fan âldjiersbetinking te hâlden, al mislik wurden fan al dy ferkiezingen foar de bêste ditten-en-datten of minsken. Want ek dat binne inkeld dingen om josels del te setten. Sjaak Swart, âld-spiler fan Ajax, is lulk op elkenien dy’t in goal makket tsjin 'syn' Ajax. Hy skelt se út. No sil Sjaak Swart sa linkendewei wol Alzheimer ha, mar blaas mar net te heech fan de toer: syn lûd is ús lûd. VVD'ers dy’t har hiele libben efter SC Hearrenfean stiene, fine no Foppe de Haan in kloat, want dy giet as triuwer op de keamerlist fan de PvdA stean. As Foppe de Haan it net oer alle boegen iens mei jo is, dan doocht hy net. Je meie yn dit lân net mear mei-elkoar fan miening ferskille.
Ik siet nei de radio te harkjen. Der wie in ynterview foar mei Sybrand van Haersma Buma. Op datselde stuit waard bekend dat Arno Brok de nije kommissaris fan de Kening wurdt yn Fryslân. In rige opteine lokwinsken en reaksjes. Prima. Mar it lûd kaam noch efkes fan Buma. Ik hâld net sa fan partijen dy’t bestean op grûn fan leauwe. Mar ik waard sa rekke troch Sybrand syn toan. Net agressyf. Gjin ferkiezingspraat. Gewoan fertelle dat hy grutte soargen hat oer de earste wurden fan dizze kollum en oer it gefolch dêrfan: de hetzerige wize wêrop de, en lit ik se mar populisten neame, omgeane mei ús selsgefoel. Dêr misbrûk fan meitsje.
Buma hie’t ek oer de diskusjes binnen syn eigen CDA, wêr’t hieltyd mear minsken fan oare leauwe komme, mar dy’t de polityk brûke wolle as dy populisten. Hoe’t de âlde CDA'ers dêrmei sitte. En sa nuansearre as Buma dan earst strang seit dat dy fundamentalist mar wer nei hûs moat, mar dan daliks, sêft: “mar de minsken dy’t him folgje net, dy moatte we opfange, mei prate”. Je koenen oan syn stim hearre dat datsoarte tastannen hiel wat fan him freegje. Ambysje foar syn CDA, mar nuansearre. Net twingend, respekt foar oarstinkenden. Mar wol soarchlik oer de ûnwerklike situaasje yn Nederlân en de kritike tastân fan de hiele wrâld.
De ôfrûne krysttiid waard der fochten yn de hiele wrâld. It ienfâldichwei deariden fan minsken op in krystmerk yn Berlyn sette nochris in streek ûnder alle oarloch dy’t witwêr útfierd wurdt, en alle driging dy’t oeral is. Ik ha suver it gefoel dat we werom binne yn de tritiger jierren fan de foarige iuw. Dy ha’k net iens meimakke, mar der wol in soad oer lêzen.
Itselde machtleaze gefoel bekrûpt my by it hearren en lêzen fan de opmerkingen fan de populisten en de lju dy’t der populistysk efter oan rinne. Bert Wagendorp hat der yn de Volkskrante in pear dagen letter ek noch in skitterjend stik oer skreaun. Wy sjoernalisten ha tocht dat we sinjaleare moasten wat se dogge. Swije is better, konkludearret Bert no. Mar dan moatte je noch wol soargje foar wêr’t Buma foar striidt. Dat je minsken, dy’t har meislepe litten ha yn dat gebral, op de goede toan it gefoel jouwe dat se op in ferkeard paad sieten.
Ik hie hoop hân dat Sybrand Buma kommissaris yn Fryslân wurden wie. Dat soe hy nei sa’n lange tsjinst yn de nasjonale krûdige polityk wol fertsjinne ha. Noflik beskut yn syn Fryslân mei de saken fan sa’n provinsje oan de slach, sturtswylje by al dy eveneminten hjirre. Mar it wie him net jûn. Hy woe wol, mar “syn” partij frege fan him om lieder te bliuwen, se ha net in betteren. En ek dat moat ik tajaan.
Mar dêrom hinderet it folslein neat dat it Brok wurdt. As 99 fan de 100 minsken yn Fryslân dat moai fine, fyn ik it ek moai. Neat mis mei Brok. Inkeld gean ik net njonken him stean en meitsje dan in selske. Dat doch ik by nimmen. Al ha ’k ferdomme wol al 15 kear 'ik' brûkt yn dit stikje."