'Grutte Pier' siket om jild

Triangle Studios yn Ljouwert hat noch 5 dagen de tiid om 40.000 dollar by elkoar te krijen fia Crowdfunding. Crowdfunding is it garjen fan jild fia ynternet by it grutte publyk. Traingle hat it jild nedich foar it meitsjen fan in grut kompjûterspultsje oer it libben fan Grutte Pier.
It spultsje is al foar in grut part klear, mar om alles krekt sa meitsje te kinnen as se wolle, hawwe se ekstra jild nedich. Elk kin in bydrage leverje. Yn ruil foar in bydrage krije jo it boek mei it ferhaal fan it kompjûterspul of kinne jo in rol krije