Dei It Amelân 'leukste uitje'

In dei nei It Amelân is troch de ANWB beneamd as leukste uitje fan Fryslân yn 2012. It leukste uitje fan hiel Nederlân is it Attraksjepark Toverland yn it Limboarchske Sevenum. Goed 50.000 leden fan de ANWB hawwe in stim útbrocht op de leukste uitjes.
Yn Fryslân stiene neist It Amelân ek it Planetarium yn Frjentsjer en Aqua Zoo yn Ljouwert yn de top 3. Ferline jier wie de bernebuorkerij Doniastate fan Stiens it leukste uitje fan Fryslân.