Reboelje op 1 Fryske Top 1000

© Omrop Fryslân
Marije Maria fan Reboelje is de populêrste Fryske plaat fan de lêste jierren. Dit nûmer einige op nûmer 1 yn de Fryske Top 1000. Haadredakteur Jan van Friesland en direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân makken de nûmer 1 bekend. Nûmer twa waard Gurbe Douwstra mei Cliffs of Moher, nûmer trije wie De Kast mei In nije dei.
De Top 1000 is foar it earst útstjoerd op grûn fan sân jier Top 100. De útstjoering gong dei en nacht troch en wie dêrmei de langste útstjoering.