Hurdrider rekket rydbewiis kwyt

Rydbewiis © ANP XTRA
De plysje hat tiisdeitemoarn op de rûnwei fan Snits it rydbewiis fan in automobilist ynnaam. Dy ried mei in snelheid fan 140 kilometer yn de oere oer de dyk, wylst er mar 80 mocht. Fyftjin oaren krigen in bekeuring omdat se mear as 30 kilometer yn de oere te hurd rieden. De kontrôle waard dien mei laserapparatuer.