Aksje AFA by steategearkomste

Leden fan aksjegroep AFA, de Anti Fascistische Aktie, hawwe woansdeitemiddei it begjin fan de gearkomste fan provinsjale steaten fersteurd. Fan de publike tribûne ôf waarden leuzen roppen tsjin de fraksje fan de PVV.
Twa aksjefierders binne it provinsjehûs útset. De steategearkomste is oanslutend gewoan trochgien. AFA hat letter bûtendoar noch in lawaaiaksje hâlden.