Cambuur-FC Oss 4-2

Cambuur hat de thúswedstriid tsjin FC Oss freed mei 4-2 wûn. It like in maklike jûn te wurden foar de Ljouwerters. Nei 50 minuten stie it al 3-0 foar Cambuur troch goals fan Van der Heide, De Vries en De Leeuw. FC Oss kaam lykwols werom oant 3-2 troch twa goals fan Nelemans. Pas yn de lêste minút fan de blessueretiid makke Türk mei in moaie frije traap de 4-2. Robert van Boxel spile foar it earst nei acht moanne blessuereleed wer in hiele wedstriid mei by Cambuur.