Steuring autobrêge op It Amelân smyt skeaclaim op

Transportbedriuw Ridder & De Vries fan It Amelân is dwaande mei in skeaclaim rjochting Rykswettersteat. De frachtweinen fan it bedriuw rûnen tiisdeitemoarn inkelde oeren fertraging op om't de autobrêge op de pier fan Nes in steuring hie. "It wie al de safolste kear dat de brêge net wurke", seit direkteur Jurjan de Vries fan Ridder & De Vries. De skea troch dizze steuring rint yn de tûzenen euro's.
"De autobrêge is nij, mar troch alle nije 'snufjes' ek tige steuringsgefoelich", seit De Vries. Syn frachtweinen hawwe goed 2,5 oere stilstien yn Nes en yn Holwert. Supermerken op it eilân koenen dêrtroch ek net befoarriede wurde. "Ik ha fan alles omsmite moatten yn de planning."
De Vries komt no mei in skeaclaim, om't dit de earste serieuze steuring wie en hy ferwachtet dat it net de lêste is. Hy wol ek in sinjaal ôfjaan. "Ik sil letter hjoed ek noch kontakt opnimme mei de gemeente, de rederij en kollega-ûndernimmers. Wa wit kinne wy mei ús allen noch wat dwaan."
Douwe Bakker fan de Coöp yn Hollum seit dat it foar supermerkûndernimmers sa wol hiel lestich wurkjen is. As de frachtauto mei farske produkten te let is, moat er de meiwurkers dy't it guod te plak sette moatte, wer nei hûs ta stjoere. En de klanten witte ek net wêr't se oan ta binne. Soms komme se om 'e nocht en moatte se letter weromkomme as it produkt der wol is. Bakker seit dat er wend is oan de leechwetterproblemen. Mar as de brêge ek noch stikken is, wurdt it wol hiel dreech foar ûndernimmers op it eilân.